In de beginjaren van dorpkrant ‘Nijs út eigen doarp’ staan verhalen van dorpsbewoners over vroeger. Die verhalen mogen eigenlijk niet ontbreken op deze website. Oud-Minnertsgaaster Dooitze Zwart is zo vriendelijk geweest de verhalen over te typen daarom is het eenvoudig om ze nu te publiceren. De verhalen zijn hier en daar met foto’s of ander beeldmateriaal aangevuld. We beginnen met de jeugdherinneringen van Neno Plat.
Ik bin geboren op ‘e Tsjillen, doedestiids hûsnûmer 257, yn de simmer fan 1942. In rêstich plakje tsjinoer it lytse brechje. Oan de iene kant hie kapper Nijholt syn saak en oan de oare kant wie it stolt. Wy wiene moai ticht by it wetter om de boatsjes (klompen) yn it wetter te setten. Oer it brechje stie in gaslantearne. Hjir moasten geregeld nije kouskes yn. Moarns stiene dêr ek de molk- en brijbussen en jûns wer de lege fan Sjoerd Molkboer. Hy wenne ek op ‘e Tsjillen.
De feart wie lykwols wol hiel moai midden yn de buorren. Soms wie it wetter hiel helder en seagen wy de fisken swimmen. Dêrom hiene wy ek altyd byt. De readfinnen wienen it moaist. Dy bieten ek fûler. Mar it kaam ek wol geregeld foar dat it wetter grien wie fan it einekroas. Wannear’t it in soad reinde dan stie it wetter oant de râne fan de haven en wie it stolt net mear te sjen. Wy fisken faak yn de feart mar ek wol by de barte, by de Herfoarme pastorij en ek wol yn it âld dok, mar dêr stie faak tefolle reid. As bern hawwe wy allegearre wolris yn de feart lein.
De muzyktinte wie ek in moai gesicht yn de buorren. Dy stie yn de tún fan Oane Vogel, de pake fan Anne en Baukje Vogel, dy no noch op de Lytsebuorren wenje. Yn de simmer hong der sneons by moai waar in boardsje oan de tinte, mei dêrop de wurden “Hedenavond concert”. It korps spile der dan. Dat wie eltse kear wer in hichtepunt. Der kamen dan in soad minsken te sjen en te lústerjen.
Dan de hjerst, de bitetiid. Geregeld kamen skippers yn de haven mei turf sa as lytse en grutte Sjoerd en Cobus Zwart en ek Jan Wouters de Roos. Soms wienen der ek hiele moaie skûtsjes by yn ‘e kleuren grien mei giel, read en brún mei wyt; alles der op en der oan. Soms mochten wy wolris yn it roefke sjen. Binnen wie it wol lyts mar o sa moai en smûk. De buorren like dan wer hiel oars en heech!
Moarns waarden wy wol wekker fan de earste biten, dy’t op de houten flier yn it rom goaid waarden.Hynders stiene foar de weinen, meast heaweinen, te dampjen en te switten as gongen se op stoom. Foaral de swiere hynders (Belgen). Mar se hiene dan wol in drege rit hân. Wy holpen graach mei de wein te leegjen. Earst in hoekje leechgoaie en dan mei de foarke. Der foelen ek wolris wat biten tusken de wâl en it skip. Wie it skip fol en Albert de Groot hie de mûnsters yn de sekken klear set, dan faarden se sa flot mooglik nei it fabryk yn Grins. Foar ús wie it dan tiid om te biteprikken. Dit barde mei in polsstok mei ûnder it blok in grutte spiker sûnder kop. Wy prikten dan yn it wetter en de grutste biten kamen dan wol wer boppe wetter. Dan earst in pear sekken fol foar de kninen en de oaren waren ferkocht. Sa hiene wy ek noch in bûssint. Wy hellen ek wol biten yn de pream mei âlde Ruurd Douma. Dy moasten dan wer yn in gruttere boat of skûtsje. Ruurd hong dan yn de beage en wy oan it roer en farre. Wie Ruurd oan in sleat ta dan sprong er op in planke, dy dwars foar oer de pream lei.
Wannear’t de wyn east wie, rûkten wy moarns op bed al dat Johannes Dykstra, de smid op ‘e Lytsebuorren oant hynstebeslaan wie. Dat rûkte hiel apart. It slaan op it aambyld wie ús ek tige bekend. It izer gleonread meitsje, yn model slaan, wer hyt en op ‘e nij slaan. Johannes koe dat tige handich mei syn glimmende holle fol swit. Wie in hynder dwars dan waard er efkes fêst set. Klear kaam it altyd. De Lytsebuorren wie in apart stikje doarp mei ek noch in streekje huzen. Op it ein derfan wennen Riekje en Antje Steensma.
Wie de hjerst oer dan kaam soms de winter mei sterk iis yn de feart. Dat wie wat. Dan koenen wy samar stean dêr’t je noch noait west hiene. Mem bûn ús dan yn ‘e hûs ûnder en dan by mem op ‘e rêch nei it iis. Earst achter in âlde stoel mar al gau sels en dan op nei de Tille ta. Noch letter nei it Wiid en op nei Berltsum. Mei teiwaar wiene wy oan it skoskesetten oan de Tilledyk. Soms gongen der wol trije tagelyk op ‘e rêch troch it iis. Dan gau wer nei hûs om droege klean want it wie noch foar skoaltiid.
Doe’t de feart ticht makke is moast earst alles der út. Dat foel net ta: wat in stank en smoarge diken. It beton yn de haven, makke yn 1911, en de feart oant de grutte brêge; alles moast fuort. Doe’t it sân der yn kaam hiene wy fierspringwedstriden yn de buorren. De feart is net mear en dêrom is de dyk dêr sa breed. Der is in soad feroare yn de lêste 60 jier! De âlde feart, de Tsjillen, Aaltsjemoisreed; ik tink noch faak oan dy tiid werom.
Neno Plat, oktober 2006
Mooi stukje Neno ,weet het noch als de dag van gisteren. Grote kans dat ik er ook bij sta.Dat van dat bieten prikken,maar dan wel de voerbieten die ook wel eens langs langs kwamen.Voor de konijnen.
En vissen heel veel vissen.Neno wij woonden tegen over jullie in de steeg.Ik ben van 1940.