Nei oanlieding fan de âldjiersfiten by ús yn it doarp, tocht ik, der moat even in lyts stikje yn ‘ e krante. Doe’t ik noch in jonge wie en nei skoalle gong, wel, dan hellen wy sa jouns ek wol fan dy rare streken út; rutetikje, snieballen yn ‘e skoarstien goaije en sa. Dat waerd ús master gewaar en doe moasten wy foarkomme en doe kaam de ôfrekken.

Wy wiene mei ús fjouweren en kamen ien foar ien by master oer de knibbel. Dy brûkte doedestiids in fjouwerkantige lineaal en sloech ús dêrmei foar it gat. Wy moasten elk hûndert rigels skriuwe: Straatschandalen zijn goddeloos. Wy krigen de laei mei nei hûs. Dit is my noait wer forgetten.

Rechts de muziektent (foto 1966)

Nou is der hjir yn Minnertsgea âldjiersnacht ek hiel wat presteard. Us muzyktinte moast der ek fan ha. Dizze tinte hat hiel hwat koste en is in sieraerd foar ús korps, dêr’t wy tige wiis ei binne. Nou ha se op it dak fan dy tinte in karre sleept, fol mei feilingkosten. Wel, in geweldige prestaesj. Dêr ‘t aenst wol ris greate ûnkosten efterwei komme kinne. Dan moasten de trije godshúzen it ûntjilde, de Herfoarmde, de Grifformearde en de Frij Evangelyske.

 

 

As wy der Psalm 84 ris by fergelykje, nou dan is it freeslik, hwant hwat ús hillich en dierber is, is lâns dizze wei yndrôvich. Hwat is de

Veilingkisten

oarsaek fan dit alles? De skuld leit by de âlden. Der is fan hûs út gjin gesach mear en dêrtroch sakket it geastlik peil. Alden, forstean jimme ropping en tink oan hwat jimme by de doop ûnthjitten ha.

Minnertsgea,

In âlde ynwenner.

Bron: Leeuwarder Courant 6 januari 1965