In de dorpskrant Nijs út eigen doarp van april 2005 stond een artikel over de dorpstimmerman Van der Velde. Het artikel is geschreven door Janke Boersma. Janke is een kleinkind van deze timmerman. Ook dit artikel mag eigenlijk niet ontbreken op dit blog: Minnertsga vroeger.

‘Us mem har heit, Arjen van der Velde wie timmerman yn Minnertsgea. Hij hat ferskate huzen set, sa as it skoalhûs dêr ‘t no (2005) de famylje Steinfort wennet. Dat skoalhûs waard boud omdat master P. Bartlema haad fan ‘e skoalle fûn dat it hûs dêr ’t er wenne net passelik wie foar him en frege dêrom it skoalbestjoer om in nij hûs sette te litten. Dat waard besprutsen en goedkard foar de priis fan f. 3520.- Arsjitekt Lettinga fan Seisbierrum skatte it (04-03-1908) op f.3840.- Van der Velde wie genegen it hûs nei it makke bestek te bouwen foar f. 3831.-

Links het schoolhuis (1916)

It hûs waard ferve troch Joh. Terpstra, pake fan Joh. Terpstra dy ’t bij de Tille wennet, foar de priis fan f. 248,75. De haadkleur wie read. It doktershûs yn ús doarp is ek boud troch myn pake, net foar in húsdok­ter mar foar L. Akkeringa dy ’t op hâlde mei buorkjen op de pleats, no bewenne troch Sevenster oan it Ald Mear yn Wier. Nei dat Akkeringa stoarn is hat syn frou Jitske Akkeringa-Wijngaarden in stik grûn dat bij it hûs hearde oan de Tsjerke skonken om der in gebou op te setten, dat no “De Twaskar” is. In tinkplaat dêrta is oanbrocht yn de hal fan it gebou.

No ’t wij toch op tsjerkelik mêd belâne binne, it folgjende. De frou fan in dûmny fûn dat de foardoar fan de pastorij oan fernijing ta wie, no dan moast de timmerman der mar efkes nei sjen. De doar wie sa geef as kryt, dus dat gong net troch. Om op de boeren wêrom te kommen, die hienen doetiids fêste arbei­ders en wennen yn huzen ticht by de buorkerij. De arbeiders waarden altyd foar in jier ynhierd op 12 maaie, ek wol Alde Maeije neamd. Foldie it fan beide kanten goed dan bliuwden se der, mar der wienen ek arbeiders dy ’t jierlyks nei in oare boer gongen.

Van der Velde had in 5de pand links zijn timmerbedrijf (1900)

It húsrie waard helle op weinen mei hynders der foar troch de nije boer syn arbeiders. De bern joegen har dan del op it bêdguod en de âlders sieten foarop de wein. Hiele karavanen gongen de dyk del. De timmerman moast dan komme om it kammenet (in kast mei it ûn­derste gedielte laden en dêr boppe twa doarren) ùtinoar te heljen. Us pake sei dan “It kammenet stiet noch te triljen en no geane se al wer fuort”. De timmerman makke doetiids ek deakisten en bij de begraffenissen hie ús beppe dan de foargong bij de froulju. Neitiids kofjedrinke en dan kaam bij tiden de notaris mei in testamint.

 

Beppe sei dan “No gean ik mar”. Nee,se moast bliuwe. It testamint kaam net altyd sa út as tocht wie en dan foelen der wolris in pear knopen, ja siz mar it gong der soms heil om seil om wei.

Oan’t safier dit ferhaal oer it wurk en libben fan in timmerman doetiids.

NB. It boumatriaal foar de timmerman: hout, stien, planken en safuorthinne kaam mei it skip, dat lei dan foar anker yn ‘e feart dy’t no dimpt is. De timmerij stie oan ‘e dyk lâns de feart,dat wie dus wol gaadlik’.