Mooi dat er steeds meer foto’s naar Minnertsga vroeger worden gestuurd. Langzaam maar zeker ontstaat er een omvangrijke collectie van foto’s van vroegere bewoners van het dorp. Abe en Japke de Roos zijn de afgelopen weken druk bezig geweest met het scannen van foto’s die bijna allemaal in de beeldbank staan. De foto’s worden zorgvuldig gearchiveerd, beschreven en van een bronvermelding voorzien. Deze week stuurde Jehannes Jensma een prachtige foto van zijn vader Goffe op de bakfiets ergens in Minnertsga. Jehannes schreef: “Goffe Jensma yn syn jongesjieren. Heit en mem, en dêrfoar pake Jehannes en beppe Jikke Jensma, hienen fanôf ûngefear 1920 neist de kapperssaak en in krûdenierswinkel neist de toer”. Het leek mij goed om het artikel uit het boek van Dooitze Zwart over de ondernemers van Minnertsga over te nemen en hier op Minnertsga vroeger te plaatsen. Het verhaal is overigens geschreven door Albert Jensma.
Us heit en mem binne trout yn de simmer fan ’47. Doe wurke ús heit by ús pake yn de kappersaak. Ik tink dat ús heit it knippen en skearen fan pake leart hat mar wit dat er ek de kappervakskoalle dien hat. Yn 1956 binne myn alders nei de saak verhúze, en binne
pake en beppe yn harren hûs kommen yn de Tsjerkestrjitte. Pake is yn 1961 ferstoarn. Twa gesinnen hiene dus in ynkommen út de saak.
Us pake en beppe hienen in hiele soad by’t ein en te keap. Mar by myn witten hawwe myn âlders allinnich tabak en parfumerie-artikelen ferkocht. En fierder alles wat mei hûdfersoarging etc. fan dwaan hie. Om kryst hinne ferkochten se noch kearsen en yn de simmer sinnebrillen. Ek koene minsken foto’s by ús ûntwikkelje litte en stie der altiid in koarke mei snobbersguod op de toanbank. Ik wit dat we ek noch in skofke in sigarettenautomaat en in automaat mei autodrop oan de bûtenmuorre hawn hawwe.
Earne midden yn de jierren 60 binne de kappersaak(skeerwinkel) en winkel ferbout en moderniseart. Yn it begjin hat beppe meiwurke yn de winkel want ús mem hie wol
drokte mei de bern. Letter is myn âldste sus, doe’t dy fan de middelbiere skoalle kaam by ús yn de húshâlding kommen (sa gie dat froeger) en holp dus mei yn de winkel. Letter doe’t wy ek wat grutter wiene (en rekkenje koene) holpen wy ek mei yn de winkel as it sa útkaam. Ik tink dat it in goed rinnend saakje west hat.
Us heit stie oerdeis yn de kappersaak. Neffens my wie die iepen fan 8 oere moarns oant 7 oere jûns. Tusken de middei-itenstiid wie de saak ticht. Moandeis wie heit syn frije dei.
Dêrnjonken wie hy tonielkapper by in tonielselskip út Tsjommearum. Gongen se winterdeis steefêst ien as twa kear fuot te spyljen.
Wat ik ek noch wit is dat hy jûns noch wolris nei âlde minsken gie om se te skearen. Dan gie’k wolris mei. Ek moast hy ferstoarne mannen kreas meitsje foar de grutte reis. Op in kear is ie sa skrokken, doe wie der mei in deade man yn de bedstee oan’t skearen (ien fan syn earste kearen dat er it dwaan moast), liet dy man in boer (siet noch lucht yn de longen). Hat er noch nachten fan wekker lein.
Ik tink dat it in hiel aardich berop wie. Want dy skearwinkel wie ek in moetingsplak wer’t alle nijtsjes útwiksele waarden. Dus wy wiene altiid op de hichte fan wat der no wer spile op it doarp.
Ik kin my noch herinnerje dat je kieze koene út twa modellen hier: gedekt en ongedekt. Neffens my wie ongedekt it goedkeapst want dan roetste hy it hier der yn rap tempo mei in elektrische tondeuze ôf. Gedekt koste mear tiid omdat der dan mear skjirrewurk oan te pas kaam.
Priisferhegings wiene ek altiid in hot item. Eins woe myn heit der op ta priisôfspraken te meitsjen mei de kappers yn omringjende doarpen. Jehannes Halma fan Berltsum woe wol mei mar Jan van der Geest fan St Jabik doarst noait net tefolle te freegjen. It koste ús heit altiid in soad moaite om him mei te krijen yn in priisferheging fan in dûbeltsje as sa. By Van der Geest wie it knippen dan ek altiid wat goedkeaper.
Mar begjin 70er jierren (1972) koe heit yniens net goed mear sjen en die bliken dat er in harsenstumor hie. Dy is der weihelle, mar mei it sjen kaam it net wer goed. En it hierknippen waard neat mear. De winkel waard doe de haadbron fan ynkomsten en we rêden ús goed. Mar yn ’76 kaam ús mem te ferstjerren. En dat wie it begjin fan de ein fan de ûndernimming. Heit koe it eins net allinnich en hie der ek gjin noch mear oan. En de bern keazen foar wat oars. De saak gong yn de sannearing en it hûs is neffens my yn 1980 ôfbrutsen. Heit is doe ferhúze nei de Finne.
Ik wit noch wol as wy te knippen giene wy dernei in stikje kaugom krigen. Dat wie fansels foar 1957 want do giene wy nei Canada.
Moai ferhaal oer Goffe. Us heit Simon Helder (1921) en Goffe wienen freonen fan de legere skoalle tot oan hun ferstearren.