Pieter Steensma en Johanna Terpstra

Onderstaande herinnering kreeg ik deze week toegestuurd van de 86-jarige Pieter Steensma, een nazaat van de Minnertsgaaster notaris Pieter Lolles Steensma (1793-1854). “Miskien in stikje foar Minnertsga vroeger? Jo sjogge mar”, schreef de heer Steensma. Nou . . . hieronder staat het stukje! Ik ben zo vrij geweest om een foto van Pieter zijn Facebook pagina te gebruiken om een beeld te geven van de man die hier zijn herinnering wil delen. 

 

As men âlder wurdt tinkt men noch wolris werom nei hwat jierren ferlyn barde. Nou’t wy wer begjin Maeije binne seach ik samar de bylden foar my fan april 1945 fan hwat der barde yn Minnertsgea.

It wie sneontomiddei. Wy stiene oan’e dyk to sjen nei de Dútskers dy’t makken dat hja fuortkamen. It gong net hurd hwant se hiene gjin bensine mear dat it koe net mei auto.s. Se sieten mei harren spullen op hynder en weinen. It gewear noch wol dwars foar’t liif, dat wol. De hynders en weinen hiene se ûnderweis foardere mei de fuorman derby. Dy moasten de soldaten nei de ôfslútdyk bringe, of noch fierder nei Noard-Hollân. Dy minsken fielden har net noflik. Moasten der ris Ingelske fleantugen boppe de kolonne komme…….. Mar se waerden twongen. Wegerje koe ek sa mar in kûgel betsjutte.

Links Frits Jensma

Dan sjoch ik noch foar my Frits Jensma foarby fleanen op’e fyts, sa wyt as sûpe. Hy seach it swerk driuwen. Hy hie ek hynders en weinen en seach al barren dat se dy ek meinimme soene. Krekt foar ús kaem syn soan Jehannes him yn’e mjitte. Dy wist dar syn heit wolris hwat opljeppen wêze koe en woe dat foarkomme. Hy rôp:”Heit, heit rêstich” mar Frits fleach troch. It is fêst hwat tafallen mar in wein fan Frits mei in hynder moast al mei.

Dy jouns wie it rêstich, sneintomoarns ek mar krekt út tsjerke wei seagen wy op’e dyk in stik as tsien Dútske soldaten op’e fyts foarby fleanen, it gewear dwars foar’t liif, Reade krúsbân om’e earm hieltiid omsjend en fytse as siet de duvel har op’e hakken.
Ús heit sei:”Dat koene de lêsten wolris wêze”.

Sneintomiddeis: kleare folk yn’e buorren. Allegear Oranje wimpels en read, wyt, blauwe flaggen. Dy hiene wy fiif jier lang net sjoen. Nou wie it spul wer fan de souder kommen. Jong folk om Piet Bierma, de koster fan de Herfoarme tsjerke hinne. “Piet, de flagge moat op’e toer. wer is de kaei”. Piet Bierma bêdde se hwat del. “Jonges, wachtsje nou earst ris ôf. der kinne noch wol mear komme en as se safolle folk byinnoar sjogge dan sjitte se, dat wit jim wol” Hy krige de jongeljue wer hwat kalmer.

Moandeitomoarn nei skoalle. Master sei: Jonges, wy geane wer nei hûs, de Kanadezen sille wol gau komme. Ik wie noch mar krekt thús doe sei ús heit:”Der komme se oan, op’e Súderdyk fan Sint Japik en ja hjer. Yn Carriers, in soarte fan lytse tanks. Nou, doe wisten wy dan fêst dat de besetting foarby wie. Se hawwe efkes yn it doarp stil stien mar doe moasten se gau de Dútskers wer efternei hwant de kriich wie noch net oer yn Hollân.
It hat in wike feest west. Ik tink dat in soad minsken har net mear foarstelle kinne hoe ferromme wy wer sykhelje koene nei dy fiif tsjustere jierren.

Pieter Steensma, 1 maaie 2018