Van een goede kennis, die zich voornamelijk bezighoudt met de historie van de landbouw, kreeg ik een artikel toegeschoven uit het Friesch Landbouwblad van 15 februari 1952. Het is een vrij technisch verhaal over de herbouwde boerderij Groot Lammema, Hoarnestreek 9. Deze boerderij werd in de nacht van zaterdag 26 op zondag 27 juli 1947 totaal door brand verwoest. Het dorp was toen nog aan het bijkomen van de grote kerkbrand die bijna twee maand eerder had plaatsgevonden. Onderstaand artikel is nog een oude spelling van het Fries met enkele woorden die tegenwoordig niet meer gebruikt worden. Ter informatie: de schrijver van het artikel, G.A.J. Bouma, is geen familie van de beheerder van deze website.  

Groot Lammema (Google View 2010)

 

In treflik nije pleats
Al wer in pear jier forlyn is der ûnder Minnertsgea in moaije nije pleats mei foarein en hals ré kommen: de state Great Lammema. De pleats stiet oan it begjin fan de Hounestreek. Sa hjit de wei dy ‘t op healwei tusken de bjirmen en sédyk nei Harns ta rint en inkele kilometers noardlik fan Minnertsgea begjint. Yn de iepen lânsdouwe mei fiere kimen fan de Fryske bouhoeke falt de kloeke pleats binammen út it westen wei tige yn it each. Dat komt der ek fan dat it hoarnleger tige heech leit.
De âlde state Great Lammema wie eat bysûnders. It moat in lange en en wichtige skiednis hwan hawwe. It binhûs fan de âlde pleats wie great. Foar 1876 wiene der 13 keamers yn. Dernei is in part fan de foarein ôfbrutsen, mar ek hwat der oerbleaun wie koe jitte munsterje. Der wiene jitte yn de ‘seal’, de ‘siktery’ en de ‘griene keamer’.


Van den Akker biskriuwt der ien en oar fan yn syn boek “Van de mond der Oude Middelsee”. Ek de skuorre en it bûthús fan de âlde pleats wiene great en rom. Dizze âlde huizinge baernde yn 1948 [moet zijn 1947] ôf. Nei de brân hat de eigner Mr. N.J. van Aalst to Rotterdam de opdracht jown in pleats to bouwen dy’t de âlde weardich forfange koe. De Boumasters A. Baart en P. Niesten to Ljouwert binne yn dit stribjen tige slagge. De nije pleats is sawol kwat it ynwindige as hwat it oansjen oanbilanget tige goed útfallen. Foar de biwenner, de hear K. van der Schaar, bitsjut de nije pleats in hiele forbettering en hy is der dan ek wakker wiis mei.

Skuorre
De skuorre is 21 m breed en 33,75 m lang. De naed leit op 13,85 m. It is in greate skuorre. De sydgevels binnen 2,50 m heech. De eftergevel 4,10 m. De ynhâld fan dizze royale skuorre is 5530 m3. Op in great bidriuw dêr’t sa’n 200 pounsmiet lân (74 ha) by brûkt wurdt is ek forlet fan in goede huizinge. It is in boupleats. Der is mar likernôch 27 pounsmiet greide by. It bûthús leit oerdwers foar yn skuorre tsjin de súdgevel. Der kinne 16 kij opset wurde. It bûthús is in saneamd hollânsk bûthús. Der leit in foargong foar de kij lâns. By it fuorjen fan biten, moal en kuil is soks tige maklik. De kij stean fêst yn hingjende kettings dy’t goed foldogge. Hja kinne dan net foarút rinne en meitsje harsels ek net smoarch. Tsjin de eastgevel leit it lyts bûthús foar 4 rierrenen 4 hokkelingen. Dêrop folget in box en dan komt in plak fan 5,4 x 17,7 = 96 m2 foar de mesinen. Dit mesine-berchplak rint oan de eftergevel, dat men kin altiten maklik by de mesinen komme. Alle souders binne fan stien, dus folslein brânfrij. De romme skuorreed leit tsjin de westgevel. Dizze is 5,7 x 25,7 = 157 m2. Yn de golromte leit tsjin it great bûthús in hel foar biten fan 3,75 x 8 m. Der is in doar yn dy’t op de fuorgong foar de kij útkomt. Ir fuorjen nimt op dizze wize net folle tiid. Nêst it plak foar de biten leit ien golle fan 9,36 x 7 m. Derop folget in berchplak foar setters fan 9,34 x 10 m. Dizze grinzet oan it hynstebûthús dêr’t plak is foar 6 hynders. Yn de skuorre is 2303 m3 golromte. Der binne gjin gewoane bynten tapast dochs lymde spanten dy’t tsjin de sydgevels steane. De golromte bliuwt sa folsein frij. De skuorre is lyk as it binhûs en de hals dutsen mei blauwe pannen.

Hals
De hals is 5,80 m breed en 6,25 m lang. De naed leit op 5,70 m. De ynhâld is 150 m3. Tsjin de noardwestgevel leit deryn in stânplak foar de molke mei in doar yn it bûthús en in bûterdoar, dêrnêst is in plak foar fytsen, wylts tsjin de súdeastergevel in plak foar melkersklean en in puoskoken is. Op de souder fan de hals is in feintekeamer en in droechsouder. De lêste leit boppe de puoskoken. Dat is tige gaelik.

Binhús
In binhús is 7,80 m breed, 11,80 m lang en 8 m heech. De ynhâld fan it binhús is 500 m3, dy fan de kleder 84 m3. In sitkeamer fan 5 x 3,80 m leit tsjin de foargevel op it suden en súdwesten. Yn de foargevel hat dizze keamer iepenslaende doarren. In sliepkeamer fan 5 x 3,35 m leit nêst de sitkeamer tsjin de fosargevel. De wenkeamer fan 3,84 x 5,95 m leit tsjin de noardwest gevel en deroan grinzet de koken efter yn it binhús. De koken is 3,84 x 2,20 m. Dy hat in doar yn de puoskoken. De hiele wente is goed fan yndieling en tige maklik yn it gebrûk. Boppe binnen jitte fjouwer sliepkeamers. Dy efter de foargevel hawwe elts in balcon mei iepenslaende doarren. Boppdat is der boppe in baeikeamer. De lêste kin men tsjinwurdich net mear misse.

Foto: Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed objectnr. 117539, opname 1968

Bislút
De pleats is boud troch de oannimmer S. Burggraaff to Lollum. De útfiering is tige degelik. De boukosten wiene, mei alle kosten deryn bisletten, fl. 22,71 de m3. Foar sa’n pleats is dat net djûr. Oan de Hounestreek is, mei it útfieren fan dit wurk in nijmoaderige Fryske huzinge ta stân kommen, dy’t tige goed oanslút by de moaije âlde pleatsen dy’t fiederop lâns dizze wei steane.

G.J.A. Bouma

 

Bron: Friesch Landbouwblad 15 februari 1952

 

NB. Volgende keer het verhaal over Groot Lammema uit het boek Van den mond der oude Middelsee dat geschreven is door K.J. van den Akker