Lûdsopnames fan jieren lyn
Sa no en dan doch ik wat oan strunerij op ynternet. Net ferkeard begripe . . . . it hat te krijen mei it sykjen nei de skiednis oer myn berte doarp. Sa stadichoan is der al hielwat by elkoar skarrele. Fan 'e wike bin ik op in jûn nei Frjentsjerwest wer't in lêzing hâlden waard torch in meiwurker fan Tresoar út Ljouwert. Hy broch my op it spoar fan de webside fan it Meertens instituut dy't harren presentearje as: 'Het Meertens Instituut is een onderzoeksinstituut dat zich bezighoudt met de bestudering en documentatie van Nederlandse taal en cultuur. Centraal staan de verschijnselen die het alledaagse leven in onze samenleving vormgeven. Het Meertens Instituut is onderdeel van de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen'. Ik hie wol ris faker op dy webside sjoen, mar no kaam ik dochs wat tsjin dat hiel nijsgjirrich is. It binne twa lûdsopnames dy't jieren lyn makke binne ynferbân mei ûndersyk nei dialekten. By it belústerjen fan de opnames binne jo benijd wa as dy Minnertsgeasters binne. Op de earste opname set it petear yn mei in frou dy't frege wurdt oer de brân fan de tsjerke in 1947. Ik werken de stim net mar letter komt der ek in mannestim by en oan it praat te hearen - en ek oan de stim - is dat Bouwe de With. Dat kin net misse. Bouwe hie in winkel op 'e hoeke Meinardswei - Hegebuorren en hannele yn saneamt wytguod, radio's en tillevyzjjes. Ik kaam der wol gauris om Witte Kat batterijen op te heljen foar de bûslampe dy't ik op myn karre hie. De oare opname kin hast net oars wêze as wy heare de stim fan Anne Gaukes Reitsma. Hy fertelt prachtig oer de gernierkeij, oer it flaaksbraken en oer de Douma's. Ek is letter syn frou noch te belústerjen dy't in dochter wie fan de Minnertsgeaster bakker Teake Oberman. Anne Gaukes Reitsma fertelt ek dat er yn in âld doktershûs wennet. Dit is it hûs oan de lofter kant fan de froegere slachterij fan Bonnema. En dat kloppet ek wol want in dat hûs wenne froeger de 'heelmeester' Petrus Lucas Hannema. Dat wie sawat fan 1835 - 1875. Om de lûdopnames te belústerjen klik hjir