Aalzen de Haan heeft naar aanleiding van de schenking van het kleurige raam door Gerard en Patricia een artikel geschreven. Het raamwerk is een deel van het raam, dat lange tijd de wachtruimte heeft gesierd van de Boerenleenbank/Raiffeissenbank/Rabobank. Het was geplaatst in de oostzijde van het nieuwe kantoorgebouw (opening 1963). Er werd gesteld dat de naam van de kunstenaar niet was te achterhalen. Mij lukte dat ook niet, maar ik herinnerde me een artikel uit maart 1966  uit het gemeenteblad Barradiel Meiinoar Ien, waarin het 50-jarige bestaan van de Boerenleenbank te Minnertsga werd herdacht en gevierd. Het geeft weer een stukje geschiedenis weer van ons dorp.

De nieuwe aanbouw (foto omstreeks 1966).

Op 23 februari j.l. vierde de Coöperatieve  Boerenleenbank haar 50-jarig bestaan. Dit feit kon natuurlijk niet ongemerkt voorbij gaan, zodat er verschillende attracties plaats vonden, welke begonnen met een receptie van de nog in leven zijnde mede-oprichters der bank onder andere de leden:  G. Dijkstra, F. Jensma, U. Glazema, P. Bierma, U.P. Meersma en H.J. de Roos. Dit zestal behoorden tot de 73 welke op de eerste ledenlijst (50 jaar geleden) werden ingeschreven.

Vervolgens werd van 7-19 maart een jubileum spaaractie gehouden, waarbij iedere nieuwe spaarder een premie van f 3,- , iedere 10e inlegger een premie van f 3,- , iedere 25ste inlegger een premie van f 5,-  en iedere 50ste inlegger een cadeaucheque t.w.v. f 25,- ontving, welke laatste bij de plaatselijke middenstand kan worden besteed. Een geste, die zeer zeker door de plaatselijke middenstand op prijs werd gesteld. Ook de jeugd werd niet vergeten. Voor alle kinderen t.e.m. 6 jaar trad de goochelaar Haurini met een interessant programma op, terwijl voor de jeugd van 7-12 jaar het jeugdvariété Han Cordan een voorstelling gaf. Deze festiviteiten werden gratis door de bank aan de jeugd verstrekt. Dinsdag 29 maart j.l. werd de 50e algemene vergadering gehouden, waar naast het gewone jaarlijkse programma het 50-jarig bestaan der bank werd herdacht.

Vlnr: Arjen Boersma, Gosse Hoekstra, Jan Heeringa, Klaas Hamer en Jacob (Jaap) van der Weide tijdens de opening van het nieuwe kantoorgebouw in 1963.

Voorzitter, de heer G. W. Hoekstra, heette de talrijke aanwezigen hartelijk welkom op deze jubileum vergadering en memoreerde, dat 50 jaar een hele ruk is, dat de 1e jaaromzet 186 dagboekposten in de 50 jaar waren opgelopen tot 46000. Dat het ledental was gestegen van 73 tot 460. Nadat verder verschillende agendapunten de revue waren gepasseerd kreeg de heer K.J. Hamer het woord over 50 jaar Boerenleenbank, hetwelk door de aanwezigen met smaak werd beluisterd. Het luidde aldus:

Foarsitter, oanwêzigen, achte gearkomste, op de agenda dy’t wy krigen hawwe stiet ûnder punt 10: forslag 50 jier Boerelienbank, it is in hiel mûlfol en yn it boekje det gearstald waerd troch ús kassier, de hear Van der Weide, is ien en oar en bijnammen it ûnstean fen de boerelienbank frij útfoerich út ‘e doeken dien, dochs wol ik graech nog een wurdsje sizze oer it begjin fan de banken yn it algemien en yn it bysûnder fen de bank yn Minnertsgea, hoe ’t it groeide en it bestean fen dizze ynstelling hjoed de dei, nou ’t de bank har Gouden Jier meimakket. It resultaet soenen wy hjoed de dei yn dizze fjouwer rigels útdrukke kinne:

It nôt wurdt ryp, it bousel ré.
De flage heech op ‘t nije sté.
It gouden jier, salang is ’t gien.
Gjin bousel sûnder d’earste stien.

En dermei foarsitter bin ik kommen by it allerearste bigjin, it ûnstean, de needsaek fen de forbettering fen it lânboukredyt yn ús lân. It foarspel, de langdurige krisis yn de lânbou yn de foarige ieuw, tal fen ûnginstige omstandichheden, earmmoedige tastannen yn frijwol alle streken fen ús lân en hjir net allinne, mar ek bûten de grinzen; it oergean yn eigendom fen boerkerijen yn hannen fen lju út e stêd, kapitalisten en hypotheekbanken, it fuortsukkeljen fen it lyts lângebrûk, it lot fen de gernier en de boer, der t faek  ôfhong fen de saneamde Landbouwbanken, dy’t de agrariërs fen de wâl yn de sleat holp, de hulp fen in notaris dy ’t de rol spyle fen bankier, faek en folle mei frjemde en negatieve resultaten. (De Ned. Bank skriuwde yn 1891: „der is gjin ûngelokkiger kombinaesje mogelik as fen notaris en bankier, it bankiersbydriuw komt yn hannen fen minsken dy t folop de gelegenheit krije in forkearde praktyk yn tapassing to bringen”.) Men krige forplichtingen oan de minsken dy t yn de ien of oare nering sieten, men kocht en men moast forkeapje, faek oan dyselde minsken. It bigjin fen in buorkerij, de oername, it probleem fen erfgenamen, de skoanheit dy t jild hie, mar ek safolle oare bern; de reis nei de kassier yn ‘e stêd, de ôflossing, de hege rinte, de provysje en de administratiekosten, men kaem ien mei oar yn in posysje, der ’t men gjin baes mear wier op it eigen hiem, it greate probleem fen dy dagen wier it Lânboukredyt.

Wy witte dat it de boargemaster fan Flammensfeld west hat: Friedrich Wilhel Raiffeisen, hwaens namme mei gouden letters skreaun stiet yn de skiednis fen it bankwêzen; hy hat yn Dútslân de organisaesje yn it libben roppen fen de saneamde Raiffeisenbanken mei as grounslag de ûnderlinge hulpverliening op it mêd fen it lanboukredyt. Mei, nei oanlieding fen de miserabele agrarische situaesje yn ús lân, waerd der in kommisje yn it libben roppen, de saneamde “Staatskommisje fen 1886” De konklúzje fan in rapport fan dizze kommisje wier dat de achterlike tastân fan de lânbou yn ús lân foar in great diel  fuortkaem út de allertreurichste tastân fan it lânboukredyt en dan foaral it koarte en it middellange kredyt. Om hjir forbettering to bringen advisearre de kommisje it oprjuchten fan kredyt-coöperaesjes lyk as de Raifeissenbanken yn Dútslân. En sa seach yn 1896 de earste boerelienbank yn ús lân it ljocht.

Kassier Klaas van der Weide (1882-1954). Hij was gehuwd met Engeltje Post.

Yn dy tiid kamen der mear organisaesjes op it aljemint, sa waerd op 29 desimber 1903 yn Minnertsgea oprjuchte de Vereniging tot Verbetering van de Aardappelhandel; dit hat it begjin west fan de Veilingvereniging hjir yn ús doarp mei it bestjûr L.W. de Vries, J. de Roos, Kl. Hamer, S. Zoodsma en D. Groeneveld, it begjin fan in merke, it oanfieren fan it product op in sintrael plak, mei op oale kuorren en sekken de letter M., dat wier forplicht, oars waerden de sekken wei. Dat skynde doe ek al sa to wêzen; it komt nou ek wolris foar dat ik by de ien of oare yn ’t luifke de fuotten ôffei op in sek dêr ’t P.K.H. op stiet. Ek de leden fan dizze foriening hienen it mei itselde probleem to stellen, faeks en folle lytse lângebrûkers, dy ’t troch har wrotten en sunigens by de wâl opklauden, mar dy ’t mei de finansiering yn’e knoop rekken en sa kaem men op it idee om de hear Hettinga fan Cornjum út to noegjen om to sprekken oer Lânboubilangen. En út dizze sprekkerij oer lânboubilangen, der moat it út fuortkommen wêze. De gearkomste waerd hâlden yn ‘e seal fan Stienstra, oan de Hermanawei, yn it hûs dêr ’t ik opgroeid bin en dêr ’t nou de pakhûssouder is, dêr waerd de kommisje foarme. It is sa biroerd dat d’r fan dizze gearkomsten gjin notulen to finen binne. It bigjin, de earste stap, dy 73 man, dy ’t har nammen setten yn in register, sûnderjild, sûnder reservefonds, allegearre oansprakelik foar dwaen en litten fan it bistjûr. It bistjûr; Albert de Groot, P.K. Hamer, Jan de Roos; de Rie fan Tasjoch: L.W. de Vries, P. van Straten en Joh. Wijngaarden.

Op 22 ferewaris, dy biwuste datum en dan 50 jier letter, hat der in gearkomste west hjir yn café Dykstra, fan it Bistjûr, de Rie fan Tasjoch mei de seis minsken dy ’t noch oer binne fan de 73; it wiernen Piet Bierma, Germ Dijkstra, U. Glazema, Fr. Jensma, H.P. Meersma en H.J. de Roos; de hear Jan Vrieswijk fan Kampen stjûrde in tillegram. Op dizze gearkomste, yn it bywêzen fan twa fortsjinwurdigers fan de sintrale bank, is der praet oer it bigjin, hoe ’t it groeide en oer it heden. Men had út de krante wol fornimme kinnen dat op dizze gearkomste ek hulde brocht is oan de hearen Boersma en Heeringa, dy ’t mear as 25 jier as lid fan Bistjûr en Rie fan Tasjoch har plak skjin makke hawwe en dat dogge se noch.

En sa haw ik blêdde yn dy notulen, blêdde en lêzen yn boeken, dy ‘t 42 jier lang troch myn heit skreaun binne, it skrift en de letters dêr ’t ik sa bikind mei bin, 42 jier, hast in minskelibben. It ynstellen fan de brânkaskommisje, it oanfreegjen fan de subsidie fan f 175,00 de boargstelling foar de kassier Ane Wiersma mei in salaris fan f 50,00 yn ’t jier, it iepenstellen fan de bank op 3 juny 1916, it resultat fan it earste jier, in forlies fan f 85,91.

Yn 1920 krige Ane Wiersma in oare baen, der moast in nije kassier komme; der wienen 6 sollicitanten; op in ledegearkomste, dêr ‘t 108 minsken wiernen, waerd K. v.d. Weide bineamd as kassier, it kantoar forhuze nei de Spoarstrjitte. Yn blyde en swiere tiden hat dizze man it bihear hawn oer de saeken fan de bank, in man fan net folle wurden, in man dy ’t it fortrouen hie fan Minnertsgeasters en fier út ‘e omkriten.

Ik wol net neilitte om de leden fan it Bistjûr to neamen dy ’t west hawwe. It wiernen: A. de Groot, P.K. Hamer, J. de Roos, P.S. Groeneveld, D.J. Koopmans, L. Schaaf en K. v.d. Schaar. En de Rie fan Tasjoch: L.W. de Vries, P. van Straten, Joh. Wijngaarden, J. Brouwer, O. de Roos, L. Schaaf, J. Sikkema en M. Gratema. Wy binne tige bliid dat Marten Gratema, dy ’t nou earelid is fan it bistjûr, it jubileumjier fan ‘e bank meimeitsje koe. Wy bringe in salút oan de minsken dy ’t stiennen oanbrocht hawwe om dit bouwurk great tot meitsjen, dy ’t tiid en krêften jown hawwe oan de bank fan Minnertsgea en dy ’t har it bitrouen fan de leden wurdich makke hawwe.

Opening van de verbouwde Raiffeisenbank aan de Hermanawei. Geheel rechts politieagent Timmermans die zijn standplaats had in Minnertsga (Skoalstrjitte).

Hjoed, nei 50 jier. Sjugge wy efterom; it bidriuw is groeid, it is great wurden, sjuch mar nei de sifers; wy hawwe in nei kantoar: „Dat hat hwat koste, dat kostet hwat, o,o, dat kostet hwat!“, dat ha wy gauris heare moaten. Hwat binne wy d’r wiis mei! Ja, it is foroare yn fyftich jier, net alinne it kantoar mei syn loketten, skriuwmesinen, telmesinen, rekkenmesine, muntmesine, frankearmesine, it patroan fan de klanten is ek foroare; it is net mear allinnich de boer of de gernier, né, de hiele bifolking makket gebrûk fan de service dy’ t de bank jowt. Tink mar oan it útbiteljen fan pensioenen, de fekânsjebonnen, frjemd jild, pensioensegels. De kassier is net mear de man dy ‚t it jild bart en útjowt, hy is hjoed de dei in riedsman, in adviseur yn jildsaeken. Ik haw de kassier neamd en nou kom ik noch efkes by de minsken fan 1966.

Yn 1950 kaem Jacob v.d. Weide troch omstannichheden yn it plak fan syn heit. Hwa hie dit tocht, machinist, marineman, kassier, gjin mins hie dit tocht. Syn beppe hat wolris sein, as er sa fûleindich hird op ‘e fyts it spoar om fleach: „Hy moat mar bakker wurde, dan kin d’r fytse!” Mar hy waerd kassier, lykas syn heit: krekt, der mei gjin sint oan mekeare, en dochs ek wer oars as syn heit. Van der Weide jr. makket mear toeren, hy hat greater vliegwiel. Myn omke hie vroeger in motorboat en dêr stie in Kromhout yn, in 20 pk Kromhout, in motor mei in hiel great vliegwiel en as jo dy motor stilsette moasten dan drukte men op in knop. Mar as jo de knop net lang genoch yndrukten dan roun er troch, ja soms sloech er de oare kant ek noch út. Sa is it k mei Jaep v.d. Weide, it komt foar dat er nachts trochdraeit, dan hat men de knop net goed yndrukt. Syn frou hat it bilibbe, midden yn ‘e nacht, healwei trijen, doe draeide d’r opiens de forkearde kant út, hy sloech om him hinne en do rôp er opiens: “Hoera, de kas dy klopt!”

Ja, se binne der o sa warber en ik forjit net it fierdere personiel. Oan’t nou ta is men der tige fortúnlik mei west, twa manlju en twa froulju, mar men heart noait fan ûngemakken en dit mat sein wurde: De man fan sport en fan de bal, de trainer fan it elftal, in man mei moed, sa as De Jong, bringt de Winsemiusstrjitte wer op gong. En dan de mannen fan hjoed, ik sil se nochris oan jim foarstelle, de Rie fan Tasjoch, it opperste kollege: A. Boersma, J. Heeringa en S. Wiersma; it Bistjûr: G. Hoekstra, H. Osinga en K. Hamer.

Nei 50 jier en mei de takomst foar ús, in takost dêr’t wy net fan witte hwat er ús bringe sil, hoopje wy dat ek de bank hjir yn Minnertsgea de ynstelling bliuwe mei, dy’t alleman, op hwat foar terrein men ek arbeidet, bystean wol, dy’t in iepen ear hawwe wol foar elkenien dy’t in birop op har docht. Wy winskje dat en it personiel en de minsken dy’t it bistjûr foarmje, har wurk dwaen meije, en toane wolle dat se it bitrouen fan safolle leden wurdich binne.

Foarsitter, ik wol bislúte mei de wurden dêr’t ik mei bigoun bin:

It nôt wurdt ryp, it bousel ré,
De flagge heech op ‘t nije sté,
It Gouden Jier, salang is ‘t gien,
Gjin bousel sûnder d’earste Stien.

Spaarbusje begin jaren ’60. In die tijd was er in oktober een Spaarweek. Als je dan je spaarbusje liet legen dan mocht een mooie attentie/cadeau uitzoeken.

Vervolgens deelde de voorzitter mede, dat de laatst gehouden bestuursvergadering nogal een spannende vergadering was geweest. Er moest n.l. iets gebeuren wat betreft dit jubileum. Een jarige ontvangt meestal iets, doch deze jarige n.l. de bank wenst zelf iets te geven. De bejaardensociëteit ontving een cheque van 500 gulden. Het muziekcorps “Oranje” 750 gulden. Koor en corps 2 stukken muziek, die gezamenlijk kunnen worden uitgevoerd. Het Chr. Tehuis voor geestelijk gehandicapten te Minnertsga een cheque van 1000 gulden. Het Groene Kruis eentje van 2000 gulden. De bestuursleden der verschillende verenigingen betuigden hun hartelijke dank voor deze mooie geste van het bestuur der bank. Hierna sloot de voorzitter deze interessante jubileumvergadering. De wijze waarop het bestuur der bank dit jubileum heeft gevierd is naar onze mening een ieders hulde en waardering waard.

De naam der bank werd tijdens deze vergadering verandert van Boerenleenbank in Coöp. Raifeissenbank. Namens de redaktie van Barradiel Meiinoar ien onze hartelijke gelukwensen.

 

Dooize Zwart,
Leeuwarden, maart 2023