Boerderij Groot Lammema, Hoarnestreek 9

2017-01-05T11:10:54+00:0021 december, 2016|5 Reacties

Van een goede kennis, die zich voornamelijk bezighoudt met de historie van de landbouw, kreeg ik een artikel toegeschoven uit het Friesch Landbouwblad van 15 februari 1952. Het is een vrij technisch verhaal over de herbouwde boerderij Groot Lammema, Hoarnestreek 9. Deze boerderij werd in de nacht van zaterdag 26 op zondag 27 juli 1947 totaal door brand verwoest. Het dorp was toen nog aan het bijkomen van de grote kerkbrand die bijna twee maand eerder had plaatsgevonden. Onderstaand artikel is nog een oude spelling van het Fries met enkele woorden die tegenwoordig niet meer gebruikt worden. Ter informatie: de schrijver van het artikel, G.A.J. Bouma, is geen familie van de beheerder van deze website.   Groot Lammema (Google View 2010)   In treflik nije pleats Al wer in pear jier forlyn is der ûnder Minnertsgea in moaije nije pleats mei foarein en hals ré kommen: de state Great Lammema. De pleats stiet oan it begjin fan de Hounestreek. Sa hjit de wei dy ‘t op healwei tusken de bjirmen en sédyk nei Harns ta rint en inkele kilometers noardlik fan Minnertsgea begjint. Yn de iepen lânsdouwe mei fiere kimen fan de Fryske bouhoeke falt de kloeke pleats binammen út it westen wei tige yn it each. Dat komt der ek fan dat it hoarnleger tige heech leit. De âlde state Great Lammema wie eat bysûnders. It moat in lange en en wichtige skiednis hwan hawwe. It binhûs fan de âlde pleats wie great. Foar 1876 wiene der 13 keamers yn. Dernei is in part fan de foarein ôfbrutsen, mar ek hwat der oerbleaun wie koe jitte munsterje. Der wiene jitte yn de ‘seal’, de ‘siktery’ en de ‘griene keamer’. Van den Akker biskriuwt der ien en oar fan yn syn boek “Van de mond der Oude Middelsee”. Ek de skuorre en it bûthús fan de âlde pleats wiene great en rom. Dizze âlde huizinge baernde yn 1948 [moet zijn 1947] ôf. Nei de brân hat de eigner Mr. N.J. van Aalst to Rotterdam de opdracht jown in pleats to bouwen dy’t de âlde weardich forfange koe. De Boumasters A. Baart en P. Niesten to Ljouwert binne yn dit stribjen tige slagge. De nije pleats is sawol kwat it ynwindige as hwat it oansjen oanbilanget tige goed útfallen. Foar de biwenner, de hear K. van der Schaar, bitsjut de nije pleats in hiele forbettering en hy is der dan ek wakker wiis mei. Skuorre De skuorre is 21 m breed en 33,75 m lang. De naed leit op 13,85 m. It is in greate skuorre. De sydgevels binnen 2,50 m heech. De eftergevel 4,10 m. De ynhâld fan dizze royale skuorre is 5530 m3. Op in great bidriuw dêr’t sa’n 200 pounsmiet lân (74 ha) by brûkt wurdt is ek forlet fan in goede huizinge. It is in boupleats. Der is mar likernôch 27 pounsmiet greide by. It bûthús leit oerdwers foar yn skuorre tsjin de súdgevel. Der kinne 16 kij opset wurde. It bûthús is in saneamd Lees meer