Herinneringen van Eke Spijksma – Schotanus (1914-2006)
Toen in 1994 het christelijk onderwijs (school aan de Tilledyk) in Minnertsga 125 jaar bestond is er een jubileumboek uitgegeven dat door de auteurs Gosse Vogel en Klaas Hamer is opgesteld. Zij hadden ook Eke Schotanus gevraagd om in formatie aan te leveren. Dat heeft zij gedaan in de vorm van een eigen verhaal, maar dat paste kennelijk niet in de opzet van het boek. Haar verhaal is in ieder geval niet opgenomen maar het is wel bewaard gebleven. Het geeft een tijdsbeeld van Minnertsga vroeger over de lagere schooljaren van Eke. Hieronder het verhaal dat we hier op deze website een plaats willen geven. Tussen [ . . ] is tekst die wij als redactie er tussen hebben gezet. Yn 1920 gie ik nei skoalle. Net op 1 april, sa't doe de gewoante wie, mar om krekt te wêzen op 15 april. Op 7 april lês ik yn beppe [red. waarschijnlijk Eke Feikes Schaaf] har oantekens is 'de School ingewijd'. Der is krekt in nije skoalle boud en de earste dagen fan april is 't grut feest. Ik wit dat noch bêst en blykber hat it noch wol wat duorre foar't alles yn oarder wie. Wy moasten [op skoalle] earst streekjes lûke, fan links ûnder, nei rjochts boppe-oan. By Juffrou van der Wal, dochter fan ús dûmny. Ik wie op skoalle altiten like fûl, doe ek al, en hie it aardich goed dien, tocht ik. Juffrou wie ek net ûntefreden . Mar doe't wy op in moarn nei hûs giene, seach ik op 'e efterste bank in bledsje mei folle moaiere streekjes. Dat stie my net oan. Letter krige ik yn de gaten dat dat famke sitten bleaun wie en it dus foar de twadde kear die. Wy brûkten hast altiten ús laai. Der hearde fansels in spûns en in griffel-doas by. Grize griffels mei fine puntsjes en in kleurich pepierke om de boppeste helt. Yn de spûnsdoaze hie min in spûnske om it wurk út te faaien en in lapke om de laai wer droech te meitsjen. Dat koe ôfgriselik stjonke!!!! Faak krigen wy in âld stikje lear fan ús beppe. Dan foel min fansels wol yn de prizen. Yn de hegere klassen kaam der in griene earte yn de spûnsdoaze. Der kaam dan in sprútsje oan. En elke dei waard it sprútsje langer. Mar dat wie letter. De earste dei op skoalle namen wy ek wat lekkers mei. Ik sjoch noch de punt-pûden, achter yn de klasse, op in boerd fan de kast lizzen. As wy goed ús bêst diene, sei ús juffrou, krigen wy der wat út. As ik der ris oer neitink kin ik it measte fertelle, tocht ik, oer de hegere klassen. Fan de juffen, juffrou seinen wy doe, is net it measte hingjen bleaun. Yn de earste - gjin rapport - twadde en tredde klasse hiene wy juffer N.C.Z v.d. Wal - juffrou Nel. 31-12-'22 kaam master A. Algra yn ús klasse. Us heit en mem seine dat hy [...]