Toen in 1994 het christelijk onderwijs (school aan de Tilledyk) in Minnertsga 125 jaar bestond is er een jubileumboek uitgegeven dat door de auteurs Gosse Vogel en Klaas Hamer is opgesteld. Zij hadden ook Eke Schotanus gevraagd om in formatie aan te leveren. Dat heeft zij gedaan in de vorm van een eigen verhaal, maar dat paste kennelijk niet in de opzet van het boek. Haar verhaal is in ieder geval niet opgenomen maar het is wel bewaard gebleven. Het geeft een tijdsbeeld van Minnertsga vroeger over de lagere schooljaren van Eke. Hieronder het verhaal dat we hier op deze website een plaats willen geven. Tussen [ . . ] is tekst die wij als redactie er tussen hebben gezet.
Yn 1920 gie ik nei skoalle. Net op 1 april, sa’t doe de gewoante wie, mar om krekt te wêzen op 15 april. Op 7 april lês ik yn beppe [red. waarschijnlijk Eke Feikes Schaaf] har oantekens is ‘de School ingewijd’. Der is krekt in nije skoalle boud en de earste dagen fan april is ’t grut feest. Ik wit dat noch bêst en blykber hat it noch wol wat duorre foar’t alles yn oarder wie.
Wy moasten [op skoalle] earst streekjes lûke, fan links ûnder, nei rjochts boppe-oan. By Juffrou van der Wal, dochter fan ús dûmny. Ik wie op skoalle altiten like fûl, doe ek al, en hie it aardich goed dien, tocht ik. Juffrou wie ek net ûntefreden . Mar doe’t wy op in moarn nei hûs giene, seach ik op ‘e efterste bank in bledsje mei folle moaiere streekjes. Dat stie my net oan. Letter krige ik yn de gaten dat dat famke sitten bleaun wie en it dus foar de twadde kear die.
Wy brûkten hast altiten ús laai. Der hearde fansels in spûns en in griffel-doas by. Grize griffels mei fine puntsjes en in kleurich pepierke om de boppeste helt. Yn de spûnsdoaze hie min in spûnske om it wurk út te faaien en in lapke om de laai wer droech te meitsjen. Dat koe ôfgriselik stjonke!!!! Faak krigen wy in âld stikje lear fan ús beppe. Dan foel min fansels wol yn de prizen. Yn de hegere klassen kaam der in griene earte yn de spûnsdoaze. Der kaam dan in sprútsje oan. En elke dei waard it sprútsje langer. Mar dat wie letter.
De earste dei op skoalle namen wy ek wat lekkers mei. Ik sjoch noch de punt-pûden, achter yn de klasse, op in boerd fan de kast lizzen. As wy goed ús bêst diene, sei ús juffrou, krigen wy der wat út. As ik der ris oer neitink kin ik it measte fertelle, tocht ik, oer de hegere klassen. Fan de juffen, juffrou seinen wy doe, is net it measte hingjen bleaun. Yn de earste – gjin rapport – twadde en tredde klasse hiene wy juffer N.C.Z v.d. Wal – juffrou Nel. 31-12-’22 kaam master A. Algra yn ús klasse. Us heit en mem seine dat hy by Jan ‘e Froukje yn de kost lei. Ik fette dat letterlik op en frege my wol ôf hoelang dat duorje moast. It like my wol wat lyts en net sa noflik yn sa’n kast.
Soms mocht ik wolris mei in boadskip of in bryfke nei master syn keammerke ta. Mei ‘gepaste eerbied en ontzag’ rûn ik dan de trep op. Dan oer de souder mei de swarte en wite klompen lâns it paadsje tusken de klompen troch nei de doar fan it keammerke. Wat fielde min jin dan! By dizze master Algra ha wy in soad leard. Hy koe prachtich fertelle en at hat hy ús taal en rekkenjen leard. As wy de rippetysje ekstra goed makken, krigen wy in beleaningskaartjse; der efter op skreaun wer foar it wie. Faaks binne der earne yn Minnertsgea noch wol fan sokke kaartsjes bewarre bleaun. “Voor ’t kennen en opzeggen van de psalmversjes”. A. Algra, 1 Juli 1924.
Algau krigen wy ek hantwurkles. Yn de hegere klassen learden wy in soad. By juffrou Veldhuis. Dy wenne yn Tsjomearum. Sy kaam op in motorfyts op skoalle. In learen jas oan en in learen motorcap op ‘e holle. Dat wie wat yn dy tiid. Hantwurkjen ha wy by har leard en goed. Sokken en hoazzen breidzje fan wyt ketoen mei in naadsje op it kût. En fersette, yn wyt en bûnt guod. O, dy hoekjes, dat ynknippen, wat kaam dat krekt. En knoopsgatten meitsje en fitergatsjes en splitsjes. Stopjen leare op in stoplape. In letterlape moasten wy ek meitsje. Dêr moast min mei oppasse! As min al te hastich wie mei it útheljen, sa’t ferkeard wie, gyng it glêd mis. Want as der ienkear in treidsje kapot wie, kaam it net wer goed. En fansels gjin nuddels yn it wurk sitte litte, dy begjinne te roastkjen fan de switterige hantsjes. Dy roast wie al sa slim. Ik koe aardich goed hantwurkje; ús mem siet der ek o sa achter oan. “Meester” sa neamden wy harren doe – Algra krige ferkearing mei de dochter fan syn kostfrou, Ytsje Tuinhof. Yn 1924 trouden se en doe binne se nei it saneamde Ned. Indië gien. Wy sieten by him yn de klasse en foar it ôfskie mochten wy nei meester Bakker yn it heechste lokaal. Meester syn faam wie der ek. Sy krigen as ôfskiedkado in glêzen koekjespot mei in (fer)sulver(d) hânsel en deksel, tocht ik. Yn Ynje hat er in soad dien yn it ‘zendingsonderwijs’ op skoalle en yn de tsjerken. Twa kear kaam er werom mei ferlof en dan helle er hjir syn M.O.-akten. Yn 1940-45 wie hy krekt yn Nederlân en hat him fûleindich ynsetten foar it ferset en de ûnderdûkers. Nei de oarloch gie Algra sa gau as’t koe wer nei Djakarta om it tsjerklik en skoallewurk wer mei op te setten en in oanloaphûs te wêzen foar de Fryske militairen.
Yn 1952 kaam it gesin werom yn Fryslân en kaam it yn Ljouwert te wenjen. Oan’t 1967 joech hy les oan it Bogerman-lyceum yn Snits. Dêr joech er skiednis en learde de bern leafde foar syn fak. Hy skreau weardefolle boeken: “De geschiedenis gaat door ’t eigen dorp”; hjirfoar krige hy de Joost Halbertsmapriis. Mei broer Hindrik kaam der in rige skiednisboeken: “Dispereert niet” en net te ferjitten it moaste boek nei syn eigen sizzen “De Kercke Christi in Batavia”. Dit is noch mar in greep út syn wurk. Dêrneist skreau meester noch in grut tal artikels benammen yn it Frysk Deiblêd. Oan’t syn dea, 27 maart 1970, wie hy noch yn’t spier foar Sinding en Bibelgenoatskip. Ik bin der myn libben lang bliid en tankber foar west dat ik by dizze meester Ale Algra yn de klasse sitten ha.
Haad fan de skoalle wie yn dy tiid meester H.R. Bakker. Hy wie ûnderwizer yn Harns en troude mei in suster fan Oepke Plat út Menaam. It wie in hiel bysûnder man mei grutte gaven en in soad leafde foar syn skoalle-bern. Hy koe ek prachtich fertelle en sjonge —! Somtiden songen wy op 4 stimmen. It Krystfeest fan de skoalle fierden wy yn de Herfoarme tsjerke. Tusken de preekstoel, it hek en de moaie famyljebanken stie de Krystbeam. In hiele grutte mei echte kearsen. Ek in amer mei wetter en in lange stôk mei in spûns oan it ein. It spul moast net yn’e brân fleane. De grutte famkes, ik wit it noch skoan, ha op’t hantwurkjen ris sekjes haakt, dêr kamen de “siniappels” yn. En oan it koardsje kamen se yn de beam te hingjen.
Meester spile op it tsjerkeoargel en de heechste klasse song fan ôf it oargel. En as’t dan ek nochris allinne sjonge mochst foar al dy minsken ….. dat wie wat! Meester sei dan by de generale rippetyse tsjin ús: “Je moet je moeder vragen om een stukje chocladereep. Dat moet je een uurtje van tevoren opeten, dan kun je veel beter zingen!” (Meester prate altiten hollânsk tsjin ús). Faaks die de goeie man dat om ús wat fan ús plankekoarts ôf te helpen, mar letter as wy mei de sang nei concours- of priissjongen moasten, ha ik faak yn bestân stien om dit middeltsje te besykjen. Fan ús mem, dy’t oars net sa rejaal wie – dat moast ek wol mei sa’n húshâlding en dat yn de tritiger jierren – mocht ik dan in reep helje by Wouters-Tryntsje.
By meester Bakker learden wy ek in soad gesangen. Dêr ha’k no altiten noch gemak fan. Mar fan “Afscheiding en Doleantie” hiene wy noch nea heard, doe’t ús dat frege waard op it talittingseksamen foar de kweekskoalle. Us meester wie Herfoarmd en yn dyt tiid wie it ek net ferstannich om soks oan te heljen op in “nationale skoalle”. Wy mochten doe al fierder gean, elk mei syn eigen rekkenjen. In boek mei 8 sommen yn in paragraaf. Optelle, ôftrekke, fermannichfâldigje en dele mei breuken en sifers efter de komma. Ferhaaltsjessommen en as lêste som – som 8 tocht ik – in grutte besifering boppe de streep, deeld troch it antwurd fan ’t saakje ûnder de streep.
Taal ha wy prima leard en lêzen – Meester frege ús dan it himd fan it gat. Wat betsjut dit en wat betsjut dat? Sa frege er ris oan Hylke, ien fan de âldsten fan ús klasse – hy wie alris sitten bleaun: “En Hylke, wat betekent dat, de faam?” Werop Hylke flot antwurde: “Dat wit ik net meester, ik ha op’t heden gjin ferkearing”. Wy mochten ek faak tekenje. No, dêr wie ik gjin stjêr yn. By meester Algra oan’t ein fan de tredde klasse krige ik der op myn ienichste reade 5. Gjin stjêr. By meester Bakker krige ik op in tekening fan in stjêr in 1ste priis. Ik snapte der neat fan, ik fûn de stjerren fan de jonges út ús klasse folle moaier. Dy fan my wie sa moai kleure sei meester. Wy mochten ek wol in stikje nei-tekenje fan de platen dy’t oan de muorre hongen. No, de ein fan de wandplaat fan de “weidevogels” kaam aardich goed op pepier. It wie ek mar nei-tekenjen fansels. Sa’n tekening mocht dan op in âlderjûn hingje. Dan stiene der lange tafels – planken op skragen – yn de gong fan de skoalle. Dêr wiene ús skriften op útstald en de tekeningen hongen oan de muorre. Us heit en ús mem wiene meast tige tefreden mei myn sifers mar as it gedrach wer ris in mintsje minder wie, stie harren dat net oan. Ien kear hie ik in 10 op’t rapport. Mar dat gie ús heit as goed Kalvinist dochs te grou. Soene der dan alhiel gjin flaters wêze? Dat koe net. No hie ús meester de moade om by in rippetysje reservefragen te jaan. Hy joech ús in soad rippetysjes. Foar taal en rekkenjen mar ek foar skiednis, ierdrykskunde, bibelskeskiednis en natuerkunde. Dat ik safolle planten en beammenammen wit’ ha’k ek oan him te tankjen. Wy mochten alle freedtemiddeis blommen mei nimme. It wie in sport om ien te finen wer’t meester net daliks de namme fan wist. Mar dan kaam de flora derby en waard it opsocht. Mar om op ús rippetysje werom te kommen. Wy krigen 30, 40 en somtiden wol 50 fragen. Dan kamen der 3-5 tige slimme fragen oer hinne. As wy dy goed hienen, telde meester dy antwurden der by op. Sadwaande koe min dan nochris in stek fâlle litte en krige min dochs in 10. Wy krigen nei skoalletiid frânske les en letter ingelsk.
Yn oerlis mei meester Bakker bin ik nei de kweek gien. Ik hie der ek wol sin oan. En by myn skoaljufferwêzen hat it foarbyld west: ús skoallegean by dizze meester. Sa woe ik it ek graach dwaan. Meester hat my ek klearmakke foar it talittingseksamen fan de kweekskoalle en der in pak klean oan fertsjinne. Ik bleau op skoalle, siet yn de 7e klasse en letter noch in skoftke yn de 8ste. Sa wie dat doe de gewoante yn Minnertsgea. Mar ik wie wol de iennichtste dy’t fan te foaren net op in skoalle yn Ljouwert gien wie. En benammen tsjin bern dy’t letter mei harren Mulo-diploma daliks yn de twadde kamen koe ik net út. Myn earste rapport wie dan ek lang net wat se thús wend wiene. De direkteur hie my oars noch in plúmke jûn, mar dêr woe ús heit neat fan hearre. Dat wie fansels net de skuld fan meester Bakker; en foar my wie it mar tige goed. No learde ik ris ôf om altiten de bêste te wêzen en moast ik, ek al om myn wille meitsjen op skoalle en ûnderweis, broeksette om der te kommen.
Yn 1928 gie meester nei Rhenen. Letter nei Loosduinen. Meester Bakker is ferstoarn yn in fersoargingstehûs yn Meppel. In 14 dagen foar syn dea bin ik noch by him west. Hy besocht noch syn hân ûnder de tekkens wei te krijen. Hy koe net mear prate mar herkende my noch wol en glimke nei my. En ik koe him noch fertelle dat myn dei goed wie, om’t ik meester nochris sjen mocht.
Burgum, Eke Spyksma-Schotanus
Geef een reactie