Griet Haarsma-Visser stjoerde in bysûndere foto fan Hein Haarsma (1928-1999) dy, sa likket it, mei it hynder om boadskip gie nei de winkel. De foto is nei alle gedachte makke túsken 1945 en 1950. Hy is net sa skerp, mar dêrom net minder mooi.

Hein Haarsma (1928-1999)

Hein Haarsma (1928-1999)

Hein sit hjir op it hynder fan Klaas Terpstra. Klaas wenne oan de Skeltingawei, krekt oer it spoar it earste spultsje rjochts. Hein wie dêr faak te helpen. De winkel wer’t Hein mei it hynder foar stiet, is de winkel fan Bernardus Winsemius en Antje Bouma. Hja hiene in krûdenierswinkel oan de Meindardswei – no nûmmer 30 -. Bouwe de Wit kocht letter it pand om de in winkel yn te begjinnen mei radio’s, húshâldlike apparaten en letter ek tillevyzjes.

Pand-Bouwe-de-With

Hein wie in soan fan Piet Haarsma en Antje Joostema. Hja wennen oan de Hege Buorren wer’t heit Piet in skuonmakkerij hie, mar ek in kapperssaak en hy ferkocht rokerij. Hein is letter trouwt mei Sijke de Boer út Berltsum.

De foto sit ek yn de byldbank.