Klaas Groeneveld út Makkum tsjoerde syn herinnering yn dy’t hy hat oan’t nijjier roppen yn 1959. Hjir ûnder syn ferhaaltsje.

Kaart Minnertsga met nieuwjaarswens

Kaart Minnertsga met nieuwjaarswens

 

Wie dit in Minnertsgeaster gewoante, of ek wol earne oars gebrûk: it Nijjier ôfwinne.

Ja, sa neamden wy dy fêste útdrukking: ” Ik sil Bergsma efkes it Nijjier ôfwinne”. En dan settest ôf nei de Bergsma’s. It wie in spultsje, in wedstriidsje. Fan bern tsjin âlderen. It bern liet de âldere skrikke. En de âlde spiele mei.

Op Nijjiersmoarn, oan’t tolve ûre ta, mochtest dit dwaen: as bern gongst nei de buorlju, en dan rôpst by de doar (in bel wie d’r net): “Follek ?!? ” En sadra d’r ien yn ‘e gong kaem of by de doar, gong it d’r om dat it bern as earste rôp ” Segent Nijjier !!! ”

Fansels sei de folwûksene oan ‘e doar : ” Fergeemje smoarchjonge: do hast it wer woun! No, dan moast mar wat fan my ha!” en dan krigest meastentiids 1, 2 sinten, in stûr of heechút in dûbeltsje.

Wy wennen yn 1959 – 1961 op ‘e Pôle by Jappy Zoodsma, en gongen op ‘e fyts by alle húskes dêr bûtenút, del.

“Nijjier roppe”, of ,, Nijjier ôfwinne”. Siz it mar!

 

– klik hjir – om in oare webside te besjen oer nijjiers-rituelen.