Herinnering fan Klaas Groeneveld út Makkum.

 

Yn de tyd dat de slachter, de bakker en de winkelman noch boadskippen oan hûs brocht, wie d’r ek noch in oare besoarchtsjinst.

Foto geleend van Bildts documentatiecentrum

Foto geleend van Bildts documentatiecentrum

De húsdokter Jan Hibma hie in fêste jonge yn tsjinst, dy’t de medisienen fan dokter by de pasjinten oan hûs brocht, op ‘e fyts d’r by lâns en troch waar en wyn.

Yn ‘e fytstas lei in plankje, want de fleskes wiene brekber fansels. It gong ek wol ris mis…

Strjitte foar strjitte waerd ôfwurke, telkens werom nei de dokter, dêr’t alle medisienen op in planke yn ‘e gond stiene, nêst de foardoar. Oare tiden.

Oan ‘e doar waerd lûd roppen ” Medisienen !!! ” , en de besoargkosten waerden ôfrekkenen: dûbbeltsje foar ien stiks, 20 sinten of in kwartsje foar twa of mear doaskes, of fleskes.

Ek bûtenút hie dokter Hibma pasjinten: Nei Furdgum en nei Wier en Berltsum moasten ek medisienen brocht wurde. Yn Berltsum gongen dy nei ien fersammel-adres, dêr’t elk se ôfhelle: Frou Dokkumburg, de mem fan frou Tjitske Vis-Dokkumburg (Tsjerkestrjitte).